Buorlju bestride fergunning azc Balk by de rjochter

29 sep 2017 - 12:07
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

In jier nei de iepening fan it asylsikerssintrum yn Balk geane de buorlju fan it azc fierder mei de juridyske striid tsjin de fergunning fan it azc. "Dat azc set ús ûndernimming op slot", seit famylje De Winter. Sy buorkje njonken it sintrum. Trochdat it azc ticht by harren pleats stiet, kin it bedriuw net útwreidzje. De famylje is net tsjin it opheinen fan flechtlingen, mar hie it azc leaver op in oar plak sjoen. Yn it sintrum wenje op dit stuit 365 minsken. 165 dêrfan binne bern.

De boer is min te sprekken oer de hannelwize fan gemeente De Fryske Marren. De man moast it nijs wêr't it azc kaam fan de media hearre. De wethâlder hat sein dat it sintrum nei fiif jier wer ferdwynt, mar de boer wachtet noch hieltiid op de skriftlike befestiging fan dy tasizzing. It sit de famylje ek dwers dat de fergunning ôfjûn is nei in ienfâldige, koarte proseduere. Foar in lokaasje mei safolle bewenners hiene ek alternatieve lokaasjes ûndersocht wurde moatten, fynt de famylje. De útspraak yn dizze saak is oer seis wike.

Trefwurden: 
asylsikerssintrum Balk
(Advertinsje)
(Advertinsje)