Histoarysk kanon by De Skâns pronket wer op 'e dyk

29 sep 2017 - 12:00

It kanon op de dyk by De Skâns (Oostmahorn) wurdt freed yn eare wersteld. It kanon hat in soad histoaryske wearde foar De Skâns dat eartiids in ferdigeningswurk wie tsjin bygelyks wettergeuzen en slûkers. It kanon wurdt skonken troch de gemeente Dongeradiel. Njonken it kanon wurdt op itselde plak in krûdopslach weriepene. Wetterskip Fryslân en de stichting Waterschapserfgoed hawwe de krûdopslach opknappe litten. Yn de opslach waard oan de ein fan de santjinde iuw krûd bewarre foar it 'kustafweergeschut'. En der bliuwt it net by, it doarp krijt der op inisjatyf fan it eigen doarpsbelang ek in stoarmpeal by.

Yn de stoarmpeal waard eartiids in flochten koer hise, dy moast skipslju warskôgje foar stoarm. Yn de Frânske Tiid (1795-1813) wie de lokaasje op de dyk by De Skâns in belangryk strategysk plak.

Trefwurden: 
De Skâns kanon histoarje
(Advertinsje)
(Advertinsje)