Tentoanstelling Mata Hari yn Pier Pander Museum ferlinge

29 sep 2017 - 11:45
Foto: Google Streetview

De tentoanstelling 'Mata Hari opnieuw gefotografeerd' fan Tjibbe Hooghiemstra yn it Pier Pander Museum yn Ljouwert wurdt fanwegen sukses ferlinge. Op sneintemiddeis yn oktober is it museum ekstra iepen. Op snein 8 oktober jout it Historisch Centrum Leeuwarden omtinken oan Mata Hari. It boekje 'Sporen van Mata Hari' fan Gerk Koopmans en Leendert Plaisier wurdt dan presintearre.

De bewenners fan de eardere wenhuzen fan Mata Hari yn Ljouwert krije de earste eksimplaren oanbean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)