Ljouwerter filmmakker falt yn de prizen yn Cannes

29 sep 2017 - 11:24
Foto: ANP

Max Lunter fan Ljouwert hat tongersdei yn Cannes in Gouden Dolfijn krigen foar syn film Together we see more, dy't er yn opdracht fan de NS makke. De priis waard útrikt op de Cannes Corporate Media & TV Awards. Lunter krige de priis yn de kategory ynterne kommunikaasje. Syn film wurdt by de NS brûkt by in training oer sinjalen fan selsdeading.

Op de Cannes Corporate Media & TV Awards wurde de bêste bedriuwsfilms, online media en tv-produksjes fertoand. Op it stuit skriuwt Max Lunter oan de spylfilm fan it filmkollektyf. Dy wurdt takom jier opnaam op ferskate plakken yn Fryslân en ferskynt dêrnei yn de bioskoop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)