Fryske Anjer foar Feriening Eastermars Lânsdouwe

De Feriening Eastermars Lânsdouwe krijt de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Arno Brok, kommissaris fan de Kening yn Fryslân en ek foarsitter fan it Kultuerfûns, rikt de ûnderskieding op 17 novimber út. De Feriening Eastermars Lânsdouwe waard yn 1992 oprjochte troch boeren en grûnbrûkers, yn it eardere lânynrjochtingsgebiet Eastermar.
Doel wie om lânbou, miljeu, natuer en lânskip mei-inoar te ferbinen. It wie de earste agraryske natuerferiening. Troch it inisjatyf is ûnder oare it kûlisselânskip behâlden bleaun.