Kollum: "Timmy"

29 sep 2017 - 09:17

"Ik haw al ris in pear kear in kollum skreaun oer ús waakse hûn Timmy, dy’t operearre wie oan syn heup. In baas hûn fan fyftich kilo en like heech as de keukentafel. Freeslik foar frjemden, mar sa leaf foar ús. De iennichste minsken dy’t er lije mocht, wiene ús heit, ús mem en har freon. Fierder woe er eltsenien wol opfrette.

Nei de operaasje hat er in hiel skoft nedich hân foar syn refalidaasje. Hy wie doe noch gjin jier, mar hie al slim HD. Hy hie gjin artroaze en soe dêrom goed holpen wurde kinne en dat hawwe wy doe dwaan litten, oan syn linkerheup. De heupkom wie brutsen en wer sa yn elkoar setten dat dy better om ‘e heupbonke sitte soe.

Yn earste ynstânsje like it wol goed. Wy giene regelmjittich foar kontrôle, hy krige akwaterapy en ik hie it idee dat syn heup sterker wie. Mar it wie wol apart dat er nei de operaasje sa nuver rûn mei dy poat. Hy sette de linkerpoat hielendal nei bûten, kekt as rûn er mei in o-poat en dat waard mar net better.

Ik wie al opholden mei de akwaterapy omdat it net holp. No wiene de konsulten foar de neikontrôle wol fergees, mar sokke hannelingen en medisinen net. De bistedokter begriep ek net rjocht hoe’t it koe, mar tocht hieltyd wol dat dy linkerheup goed yn elkoar siet. We hawwe fan alles besocht mei Timmy, mar it waard minder ynstee fan better. Hy wie in jonge hûn, mar libbe as in âld man dy’t krekt in blokje om keutelje koe.

Uteinlik hawwe wy in second opinion dwaan litten. Der waarden foto’s makke en doe die bliken dat de konstruksje yn ‘e heup loslitten hie. Hoe’t dat kin, witte we net en dêr kin nimmen wat oan dwaan, mar hy hie ek al artroaze ûntwikkele en it seach der hiel min út. Der wie eins mar ien oplossing, mar op dat momint wie ik dêr net oan ta en Timmy wie noch fierstente bliid. Djiptryst en mei de bûse fol medisinen binne wy op hûs oan gien. Doe’t de pillen op wiene, ha wy besletten net fierder te gean mei pynstillings.

Op in bepaald momint fûn ik Timmy net mear sa fleurich. We rûnen wol alle dagen in eintsje, mar dan sakke er wol gauris troch syn poat en ik hie it idee dat de rjochterheup ek minder wie. Hy lei in soad op ‘e bank en syn karakter feroare ek. Hy wie noch altyd waaks, dochs hie er noait echt biten mar op in dei hie er myn sweager al goed by de bealch hân. Dat wie net sa moai en thús reagearre er op in bepaald momint frjemd op de bern.

Trije wiken lyn tocht ik: ‘Dit kin sa net langer. It is klear.’ Dat wie op in woansdei en de tongerdeis belle ik mei de klinyk dêr’t we de second opinion hiene. De bistedokter dy’t ús doe holp, wie twa wiken fuort, mar salang woe ik net wachtsje. Ik hie it beslút nommen en wie bang dat ik dan wer twivelje soe. Doe koene wy deselde deis noch komme.

It ynsliepen op himsels gong hiel fredich, mar wat is it in rotgefoel en ik ha in soad triennen litten. Dochs haw ik der gjin spyt fan hân, al mis ik him alle dagen. Dat syn karakter feroare, komt neffens my omdat er pine hie. Hy is noch gjin twa wurden, mar salang’t er by ús west hat, hawwe wy fan him genoaten. It wie in hûn mei karakter, in passant dêr’t ik in soad fan leard haw."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)