Trekker mei maiskarre botst op auto by Lippenhuzen

29 sep 2017 - 08:46

Op de Boerestreek by Lippenhuzen is freedtemoarn in 19-jierrige frou fan De Himrik ferwûne rekke by in botsing fan in persoane-auto mei in trekker mei in maiskarre dêr achter. It slachtoffer rekke beknipe yn har auto, mar koe troch dêr troch de brânwacht út helle wurde. It ûngelok barde yn 'e mist, krekt bûten it doarp. De krekte tadracht fan it ûngelok is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Lippenhuzen maiskarre
(Advertinsje)
(Advertinsje)