Ferkear wurdt warskôge foar tichte mist

Autoriders moatte freedtemoarn yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân op 'e nij rekken hâlde mei tichte mist. Mei útsûndering fan it súdwesten komme yn hiel Nederlân tichte mistbanken foar. Yn it noardeasten is it sicht op in soad plakken minder as hûndert meter en dat is hiel lestich foar it ferkear.

Fanwege de mist is de spitsstrook op de A9 fan Amstelveen nei Alkmaar ticht. Yn it westen binne al ferskate meldings fan ûngelokken fanwege it minne sicht. Yn it noarden sil de mist pas oan de ein fan 'e moarn ferdwine.