Trije auto's botse by Ljouwerter Escherakwadukt

29 sep 2017 - 07:08

By it Escherakwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert binne tongersdeitejûn trije auto's op inoar botst. Dat barde om alve oere hinne. Fan it Drachtsterplein ôf krekt foar it akwadukt klapten de auto's op inoar. Der rekke ien persoan ferwûne. Dy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oaren kamen mei de skrik frij.

De plysje hat beide rydbanen tydlik ôfsletten. In berger hat ien fan de auto's fuortsleept.

Trefwurden: 
Escherakwadukt botsing
(advertinsje)
(advertinsje)