Auto fljocht oer de sleat by ûngelok Haskerdiken

De brânwacht holp de bestjoerder wer nei de kant mei help fan in ledder © Jaring Rispens
In autobestjoerder is tongersdeitejûn let op de A32 by Haskerdiken fan de dyk rekke en oer de sleat lansearre. De man rekke de macht oer it stjoer kwyt, ried fan it talúd ôf en fleach oer de sleat. Dêrnei bedarre er oan de oare kant yn it reid. De helptsjinsten rieden massaal út, wêrûnder ek dûkers fan de brânwacht.

De bestjoerder wist sels út de auto te klimmen. Mei help fan de brânwacht waard er oer de sleat holpen. Hy is troch ambulânsepersoniel ûndersocht. De man hie gjin ferwûnings. Syn auto rekke swier skansearre.