Fûle brân yn Drachtster sliepkeamer

29 sep 2017 - 06:23
By de brân kaam in soad reek frij - Foto: De Vries Media

In koarte mar fûle brân hat tongersdeitenacht foar flinke skrik soarge yn Drachten. Om healwei ienen hinne krige de brânwacht melding fan in brân yn in wenhûs oan de Heasouder yn de Drachtster wyk De Trisken. Dêr stie in sliepkeamer yn'e brân. De brânwacht moast gau opskale nei middelbrân fanwege it beskikber meitsjen fan foldwaande bluswetter.

De bewenners koenen fluch út 'e hûs komme. Ek de buorlju waarden út foarsoarch fan bêd helle. By de brân kaam in soad reek frij. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
sliepkeamerbrân
(Advertinsje)
(Advertinsje)