Plannen foar de Dokkumer Merk gean troch

De werynrjochting fan de Merk yn Dokkum giet troch. Tongersdeitejûn is de ried akkoart gien mei it foarstel fan it kolleezje. CDA, FNP, ABD en de PvdA stimden foar. VVD, Dongeradeel Sociaal en de ChristenUnie stimden tsjin.
Oan it begjin fan de jûn waarden goed fjouwertûzen protest-hantekens oanbean troch ûndernimmer Johan Talsma, mar dat foel net goed by de gemeenteried. Ferskillende partijen wiisden him der op dat syn aksje echt te let wie. Guon gemeenteriedsleden lutsen lykwols wol de konklúzje dat de kommunikaasje oer it tema wol better kind hie.