Bewenners Zeebuurt op De Lemmer krije ynspraak by plannen

28 sep 2017 - 22:26

It is noch net dúdlik wat der barre sil mei de Zeebuurt op De Lemmer. Wenningkorporaasje Lyaemer Wonen sil de huzen fan en om de Suderseestrjitte renovearje, of slope en opnij bouwe. De miening fan de bewenners spilet in belangryke rol yn de beslútfoarming, mar de bewenners binne it net allegear iens.

Yn july ha buertbewenners hantekenings oanbean oan wenningbouferiening Lyaemer Woanen. Se hopen dêrmei de sloop fan har hierhuzen te kearen. Konkrete plannen dêrta hat Lyaemer noch net, mar neffens Henk Haitsma - de inisjatyfnimmer fan de aksje - liket it dy kant wol op te gean. It giet om hûndert huzen fan sa'n 70 jier âld.

By de foarlichtingsjûn yn MFC Het Baken hat Lyaemer Wonen fjouwer ferskillende senario's oanbean. Dêryn kin keazen wurde foar ferskillende renovaasjefarianten of sloop en nijbou. De kommende perioade kinne bewenners oanjaan wat se it leafst wolle. Yn novimber sil in definityf beslút naam wurde.

Trefwurden: 
De Lemmer Zeebuurt
(Advertinsje)
(Advertinsje)