Tjeerd van Bekkum: "We gaan knallen met LF2018"

28 sep 2017 - 21:51

"We gaan knallen met het programma voor LF2018", dat seit direkteur Tjeerd van Bekkum. Hy is no in pear moanne direkteur fan de organisaasje fan LF2018. Hy is ûndertusken de sechsde kapitein op it skip. It begong mei Henk Keizer, nei him kamen Jocco Eijssen, Oeds Westerhof, Ton F. van Dijk en Lieven Bertels. Allegear makken se de klus net ôf. 

Krisismanagement

Doe't Van Bekkum it stokje oernaam fan Bertels moast der organisatoarysk wol it ien en oar dien wurde. "Er was wel een klus te klaren, zowel intern als extern", sa sei Van Bekkum yn Fryslân Hjoed. "Ik houd wel van crisismanagement, een nieuwe man, een nieuwe wind". 

Grut oanbod

Noch mar trije moanne en dan barst it kulturele haadstêdjier echt los. Takom wike tiisdei wurdt it programma presintearre en set de kaartferkeap útein. Op 4 oktober krije alle Friezen de programmakrante troch de brievebus. Dêryn stiet noch net alles, takom jier komme der nochris trije kranten út.

 

Trefwurden: 
LF2018 Tjeerd van Bekkum
(advertinsje)
(advertinsje)