Frouljusacht dochs nei finale fan it WK roeien yn Florida

28 sep 2017 - 21:12
De froulju fan de acht pleatsten har dochs foar de finale - Foto: KNRB, Merijn Soeters

De frouljusacht hat har by it wrâldkampioenskip roeien yn Sarasota yn Florida dochs pleatst foar de finale. Se moasten dêrfoar yn de werkânsing by de earste fjouwer einigje en dat slagge frij maklik. Kanada, de Feriene Steaten en Grut-Brittannië waarden de nûmers ien, twa en trije en Nederlân waard fjirde. De marzje op Ruslân - de nûmer fiif - wie sa royaal, dat se ûntspannen nei de finish roeie koene.

Yn de Nederlânske ploech roeie de Friezinnen Aletta Jorritsma en Ymkje Clevering. De finale is snein.

Trefwurden: 
roeien Florida frouljusacht WK
(advertinsje)
(advertinsje)