Help foar Sint Maarten komt mar dreech op gong

28 sep 2017 - 20:48

It sjit net op mei de herstelwurksumheden op Sint Maarten. Hast trije wike neidat Orkaan Irma dêr in grutte ravaazje oanrjochte, is der noch altyd ferlet fan help. Dat seit Cor Sikkens. Hy wennet al seis jier op it eilân, dêr wurket er as dosint. Oarspronklik komt er út Fryslân. Der moat noch in protte gebeure, sei Sikkens, mar hy bliuwt posityf.

Op 18 oktober wurdt der yn it Polderhús op De Feanhoop in benefytdiner hâlden. De opbringst wurdt brûkt foar de weropbou fan de teaterskoalle dy't Cor Sikkes krekt oprjochte hie op Sint Maarten. Dy is troch de orkaan ek hielendal fernield. Op 18 oktober wurde ek twa skilderijen fan Cor by opbod ferkocht foar itselde doel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)