Monique Sluyter: "Playboy-baas Hefner was een icoon"

28 sep 2017 - 20:25

Monique Sluyter fan Snits is bot rekke troch it ferstjerren fan Playboybaas Hugh Hefner. Doe't se hearde fan syn dea, koe se de emoasjes mar kwealik de baas. Tongersdei waard bekend dat Hefner ferstoarn is. Hy is 91 jier âld wurden.

In freondinne fan Sluyter, in playmate út Amearika, belle har moarns betiid mei it nijs. "Nou, toen kwamen van ons allebei de tranen. Hefner was een icoon, maar ook een romantische, verlegen man. Hij zei dat de mooiste vrouwen van de wereld uit Nederland komen."

Monique Sluyter wie de earste frou út Nederlân dy't útnûge waard op de Playboy Mansion. "Dat was wel apart. Ik werd opgehaald met een limousine, en dan stond hij daar, in zijn kamerjas. Hij gaf me nog een compliment. 'You look exactly like Marilyn,' zei hij. Ik had een witte jurk aan. Nou, dat was wel een ervaring... "

(advertinsje)
(advertinsje)