Leare en staazjerinne yn wyklearbedriuw Bilgaard

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard moat in nij wyklearbedriuw der foar soargje dat der nije kânsen komme foar minsken dreech oan it wurk komme kinne. Tsien learlingen binne dizze wike yn it wyklearbedriuw úteinset mei de MBO-oplieding 'Helpende Zorg en Welzijn Niveau 2'.
Douwina Venema fan de gemeente Ljouwert hat dwaande west mei it selektearjen fan de learlingen. Sy fynt it wyklearbedriuw in bysûnder inisjatyf, omdat alle aktiviteiten dy't mei de stúdzje te meitsjen ha yn de wyk Bilgaard binne. Dat giet dus om sawol it staazjerinnen as it folgjen fan de lessen.
Elly Bakker fan soarchorganisaasje Palet biedt de staazjeplakken yn de wyk oan. Sy kin gjin baangarânsje jaan oan de studinten, mar de foarútsichten binne goed neffens Bakker: 'Der is wurk genôch yn dizze tiid, dus foar de learlingen lizze der kânsen'.