Wikseljende start foar shorttrackers op wrâldbeker Boedapest

28 sep 2017 - 19:45

Shorttracker Suzanne Schulting is by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn Boedapest fuort útskeakele op de twa earste ôfstannen. Op sawol de 500 as de 1500 meter krige se in penalty. Sjinkie Knegt helle op de 500 en 1500 meter wol de folgjende ronde. Daan Breeuwsma helle wol de heats op de 1500 meter, mar waard dêrnei útskeakele. Dennis Visser helle de heats al net. Ljouwerter Itzhak de Laat waard op de 500 meter yn de heats útskeakele.

Sneon en snein wurde de earste medaljes ferdield yn Boedapest. Freed begjint it toernoai foar de relayteams. 

(advertinsje)