Dit wykein gjin treinen tusken Grins en Bûtenpost

29 sep 2017 - 06:00
Treinkondukteur Arriva - Foto: ANP XTRA

Yn ferbân mei de oansluting fan it spoar op de nije brêge oer it Van Starkenborghkanaal en de ferdûbeling fan it spoar tusken Súdhorn en Grins ride der dit wykein gjin treinen tusken Grins en Bûtenpost.
Dat jildt fan freed 29 septimber oant en mei snein 1 oktober.

Der ride bussen en tusken Ljouwert en Bûtenpost ride stoptreinen. De reistiid is dan ek in heal oere langer as oars.

Trefwurden: 
treinen Grins Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)