Seis miljoen ekstra foar krúspunten yn Westergoawei

28 sep 2017 - 19:36

De provinsje lûkt 6 miljoen euro ekstra út foar de oanpak fan de gefaarlike krúspunten oan de Westergoawei boppe Boalsert. Dat is woansdeitejûn besletten troch Provinsjale Steaten. 

De Westergoawei Wurkgroep, dy't him al seis jier hurd makket foar it ferbetterjen fan de krúspunten, is hjir tige wiis mei. Fjouwer jier lyn waard der 15 miljoen euro begrutte foar it oanpakken fan de krúspunten, mar by de koälysjeoerlizzen twa jier lyn waard dat bedrach ferlege nei 12 miljoen euro. "En dat wie te min om de punten goed oan te pakken. It moasten in soarte fan tunnels wurde en dat koe mei dit jild net", sa seit foarsitter fan de wurkgroep Johannes Herder. No is der nei oantrúnjen fan de wurkgroep dus dochs wer besletten om it bedrach te ferheegjen ta 18 miljoen euro. "Unanym, elkenien stie der achter. Wy binne út de skroeven. Ik ha Sietske Poepjes fuort efkes in appke stjoerd: dy hat ús yn al dy jierren in hiel soad stipe en holpen." 

Wommels Noard, Burchwerterhoeke en Boalsert Noard

It giet om de krúspunten Wommels Noard, Burchwerterhoeke en Boalsert Noard. Herder: "De Westergowei sil in bytsje ophege wurde en dan komme der ridlik ûndjippe tunnels ûndertroch: dy binne goedkeaper yn de oanlis. Alle stúdzjes en boaiemûndersiken hawwe al west: ik hoopje dat de earste skeppe gau de grûn yn kin." 

 

(advertinsje)