Follybalfroulju troch nei heale finale EK yn Bakoe

28 sep 2017 - 18:52

Marrit Jasper fan Snits hat har mei de follybalfroulju pleatst foar de heale finale fan it Europeesk kampioenskip yn Bakoe yn Azerbeidzjan. Yn de kwartfinale fersloegen se mei royale sifers Italië (25-17, 25-20 en 25-13). Yn elke set rûnt Oranje fluch út nei in romme foarsprong en kaam gjin tel yn de problemen. Sneon nimt Oranje it yn de heale finale op tsjin Azerbeidzjan of Dútslân, dy moatte moarn noch tsjin elkoar spylje.

Twa jier lyn waard Oranje twadde op it EK, se ferlearen doe de finale fan Ruslân.

(advertinsje)