Replika fan frijheidsdokumint ûntbleate yn provinsjehús

Op it provinsjehús is tongersdeitemiddei in bysûndere replika ûntbleate. It giet om in kopy fan it frijheidsprivileezje út 1417. Dat markearret de bysûnder posysje fan de Friezen yn midsiuwen. Yn dat jier joech kening Sigismund de Friezen it frijheidsprivileezje, dat betsjutte dat de Friezen harren eigen bestjoer regelje moechten. Der wie gjin foarst dy't it heechste gesach útoefene en dat wie hiel bysûnder yn dy tiid. Dêrmei namen de Fryske lannen in útsûnderingsposysje yn.
Mei lêzings fan Oebele Vries en Bert Looper waard stilstien by dit topdokumint fan de Fryske frijheid. It dokumint is tenei foar in elk te besjen yn it provinsjehús. Neffens Vries waard Fryslân yn dy tiid oer de hiele wrâld sjoen as it gidslân fan de frijheid. It dokumint dat no yn it provinsjehûs hinget, hat dêr in grutte rol yn spile. Under oare de Amerikaanske ûnôfhinklikheidsstriders ha har troch dit dokumint ynspirearje litten, seit Vries.