Basketbalklup Aris hellet Deividas Kumelis út Litouwen

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter basketbalklup Aris hat in nije spiler oanlutsen. It is de 22-jierrige Deividas Kumelis út Litouwen. Hy ferfangt de Amerikaan Earl Brown, dy krige fan 'e wike dien. Pointguard Kumelis komt oer fan CAB Madeira yn Portugal. Dit wykein arrivearret er yn Ljouwert, om nije wike tsjin Weert syn debút foar Aris te meitsjen.