Mosken coveret ‘Soan’ fan Adri de Boer

28 sep 2017 - 18:29

Yn de muzykrubryk fan Fryslân Hjoed daget Raynaud Ritsma Fryske artysten út om in nûmer de coverjen út de Fryske Top 100. Ferline jier binne ûnder oare 'It woanskip' troch Elske de Wall en Iris Kroes mei har ferzy fan 'Cliffs of Moher' al foarby kaam. Dit kear is it oan de band Mosken om in nûmer oan te pakken. En dat dogge se mei ien fan Adri de Boer syn bekendste nûmers: 'Soan'.

Utdaging

Mosken bestiet út Bert Steeman, Sjoerd van Kammen, Jelte Rijpkema, Ronald van den Oudenalder en Joop Visser. Foar de fiif mannen wie it in hiele útdaging om it nûmer nei te meitsjen.

'Soan'

It nûmer 'Soan' is bekend wurden troch it Fryske songfestival Liet yn 1998. Nei acht kear slagge it Adri de Boer einlik om it te winnen. Giny Bastiaans hat it nûmer skreaun nei oanlieding fan de moard op Meindert Tjoelker yn septimber 1997. De Boer hat sels de muzyk foar dit nûmer skreaun. Hy gong achter de piano sitten en yn trije minuten hie er it hiele nûmer ôf. En wat dit nûmer ekstra spesjaal foar him makke, wie dat er sels krekt heit wurden hie.

Yn Frysân Hjoed sjongt Adri de Boer it orizjinele nûmer en giet Raynaud Ritsma op 'en paad mei Mosken om te hearren wat se fan it ferske makke ha.

Trefwurden: 
Mosken Adri de Boer soan
(Advertinsje)
(Advertinsje)