Mear as 4000 hantekeningen tsjin werynrjochting Markt Dokkum

Gjin parkearplakken
Der binne yntusken 4027 hantekeningen setten ûnder de petysje tsjin de plannen foar De Markt yn Dokkum. Dat lit inisjatyfnimmer Johan Talsma witte. Mei de petysje wurdt protestearre tsjin de plannen fan de gemeente om De Markt wer op nij yn te rjochtsjen. De trije miljoen euro dy't nedich is foar de plannen komt út it budzjet dat eins bestimd wie foar de konsintraasje fan sportferieningen yn it Hurddraverspark.
De plannen en aksje wurde tongersdeitejûn besprutsen yn de gemeenteried. Dêroan foarôfgeand oerlanget Talsma de hantekeningen om 19:30 oere oan de boargemaster.