Gemeente Ljouwert miljoenen kwyt oan sosjaal domein

28 sep 2017 - 17:31

De gemeente Ljouwert is ek de kommende jierren noch miljoenen kwyt oan it sosjaal domein. Tongersdeitemiddei presintearre it kolleezje fan B en W fan Ljouwert de begrutting foar de kommende jierren. It is in oare begrutting as oars. Troch de oansteande weryndielingen hearre ek Littenseradiel en Ljouwerteradiel dan by de gemeente Ljouwert. En dus binne dy ek meinaam yn de nije begrutting.

Dochs gie it wer foar in grut part oer ien en itselde tema: it sosjaal domein. De gemeente is dêr ek de kommende jierren safolle jild oan kwyt, dat de reserves ôfnimme. Dêrtroch soe der yn de takomst wolris minder jild beskikber wêze kinne foar oare projekten, sa fertelde wethâlder Sjoerd Feitsma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)