"De loftmacht is klear foar in nije útstjoering"

28 sep 2017 - 17:18

De nije kommandant Arnoud Stallmann fan de fleanbasis Ljouwert komt thús. Alteast, sa fielt it al foar de kolonel. Jierrenlang wie hy as piloat aktyf op de basis en wie hy ek squadronkommandant fan 323. Tongersdei is kolonel Stallmann ynstallearre as nije kommandant. Hy is de opfolger fan Denny Traas.

Syn earste taak is it personiel fan de basis yn steat te stellen har wurk goed te dwaan. Der sit in útstjoering oan te kommen nei Jordanië om dêr wer mei te dwaan yn de striid tsjin IS yn Syrië en Irak. Hy is ek ferantwurdlik foar de tarieding foar de komst fan de F-35 nei Ljouwert. It earste tastel komt ein 2019. Dan moat sawol de basis as it personiel der klear foar wêze. Stallmann is bliid dat hy dat momint meimeitsje sil: "Hoe vaak maak je mee dat wij hier een nieuw wapensysteem gaan installeren. Dat is heel bijzonder voor ons allemaal. En bovendien: het werd tijd. De F-16 is oud en het is tijd om dat toestel te vervangen."

Ynternasjonaal oefenje

Der wurdt besjoen hoe't it tastel yn de takomst ek ynset wurde kin by de grutte yntersnasjonale oefeningen op de fleanbasis Ljouwert. Lykas Frisian Flag: "Dat zal gefaseerd gaan. Het is voor alle piloten goed dat zo'n toestel meedraait in Frisian Flag. Zodra er meer toestellen komen wordt de F-35 daarin belangrijker." Dat jildt ek foar de oplieding fan wapenynstrukteurs op de fleanbasis, FWIT. "Het is de bedoeling daar ook in de toekomst mee door te gaan. Maar dat heeft tijd nodig. Je zult dus zien dat die training eerst afgeschaald wordt om daarna opnieuw te worden opgezet." It is allinnich de fraach mei hokker lannen dat bart. FWIT no wurdt allinnich dien mei lannen dy't mei de F-16 fleane. Yn Europa is dat no allinnich Noarwegen. Mei dat lân bin al kontakten lein foar it opsetten fan in nije FWIT oplieding. "Het zogenaamde Centre of Excellence voor de F-16, met veel kennis over het toestel en de wapensystemen, willen we behouden", sa seit Stallmann.

Unrêst troch komst F-35

De komst fan de F-35 soarget foar ûnrêst by omwenners. Sy binne benaud foar lûdsoerlest. Om dy soargen fuort te nimmen binne ferline jier de saneamde 'belevingsvluchten' hâlden. Stallmann hopet dat dat in soad fan de soargen fuortnaam hat. Hy wol graach goed yn kontakt bliuwe mei de omwenners. "Dat is belangrijk, zeker als het gaat om draagvlak."

Syn foargonger Denny Traas liet witte graach te sjen dat Nederlân mear F-35's oanskaft. Stallmann kin him fine yn dy oprop. "Graag meer, maar ook de andere krijgsmachtonderdelen zoals de landmacht hebben wensen. Ik hoop uiteraard dat een deel van het extra geld dat er beschikbaar lijkt te komen voor Defensie naar de aanschaf gaat van meer F-35's."

Klear foar útstjoering

Yn jannewaris gean de earste piloaten fan Ljouwert wer op útstjoering. Neffens Stallmann binne se der klear foar. De foarige missy yn de striid tsjin IS hat in soad koste fan it definsjepersoniel. De ynset wie iensidich, in stypjen fan de grûntroepen, mei as gefolch dat de piloaten de ôfrûne tiid bot oan it trainen west ha om ek de loftgefjochtskapasiteiten wer by de tiid te bringen. No is de organisaasje der wer klear foar, sa seit Stallmann.

Dat is in belangryk punt. De Onderzoeksraad voor de Veiligheid kaam tongersdei mei in snoeihurd rapport oer de it ûngelok mei in mortier yn Mali. Twa militêren kamen dêrby om it libben en ien rekke swier ferwûne. Neffens de ûndersyksried wie de feiligens fan de munysje en de medyske foarsjennings undergeskikt oan de missy. De hege druk en de mentaliteit fan 'we kinne it wol' ha der ta laat dat risiko's ûnderskat binne. Stallmann kin de ynhâld fan it rapport net, mar seit wol: "We gaan alleen als we zeker weten dat het verantwoord is. Vliegveiligheid staat in alles voorop."

(Advertinsje)
(Advertinsje)