Achtkarspelen giet foar nij swimbad yn Bûtenpost

28 sep 2017 - 16:54
Swimbad de Kûpe in Bûtenpost wurdt ferfongen troch in folslein nij bad - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Bûtenpost krijt in nij swimbad. Dat foarstel docht it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oan de gemeenteried. It swimbad moat enerzjyneutraal wurde. It bad wurdt 25 by 16 meter en kin brûkt wurde foar sawol rekreaasje, sport en swimlessen. Mei dizze ôfmjittings kin ek de wetterpolowedstriden fan PWC hjir hâlden wurde. As de ried yn oktober ynstimt mei de plannen, komt der yn desimber in útwurke plan op tafel.

Trefwurden: 
swimbad Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)