Studinten jouwe fergees juridysk advys yn Ljouwert

Yn in nije rjochtswinkel yn Ljouwert kinne minsken juridysk advys krije fan studinten. De rjochtswinkel is sûnt trije moannen iepen en der wurkje fjouwer studinten fan de oplieding rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Se stean minsken by mei advys oer bygelyks arbeidsrjocht. Dat dogge se fergees. Der is al in Juridysk Loket yn Ljouwert, en ek dêr is it advys fergees. Meike de Groot, Sanne Rodenboog, Lyanne Gaastra en Paul Andela wurde bystean troch ferskate partijen, wêrûnder Anker&Anker en De Haan Advocaten. Se krije ûnderdak fan it Huurteam Leeuwarden en it hierdersplatfoarm Nieuw Elan.
Untfiering
De studinten krije mei yngripende saken te meitsjen. In ûntfiering fan in bern hat oant no ta de measte yndruk makke. "Dat is best heftig. Dat ging om een man. Zijn kinderen werden meegenomen naar het buitenland. Dat is lastig om mee om te gaan, zoiets hoor je niet iedere dag", sa seit Sanne Rodenboog. "Gelukkig zijn er dan verschillende instanties bij betrokken, maar het is moeilijk om advies te geven."
Nei in telefoanysk petear mei de rjochtswinkel folget in intake-petear. "We proberen dan helder te krijgen wat het probleem is. We kijken welke informatie we nog nodig hebben, soms zijn er dan bijvoorbeeld nog contracten of foto's nodig."
Ynternasjonale studinten
Yn de koarte tiid dat de rjochtswinkel no iepen is, krije de studinten in goed byld fan de saken dy't spylje yn Ljouwert. "Wat opvalt, is dat Leeuwarden echt een studiestad is. Internationale studenten vinden het lastig om hier woningen te vinden en om wegwijs te worden in de contracten die ze moeten tekenen. Er worden soms bemiddelingskosten gerekend die niet terecht zijn. Dat is een ernstige zaak. Wij willen ze daarbij helpen," sa seit Lyanne Gaastra.