Portret fan Mata Hari nei restauraasje wer te sjen

28 sep 2017 - 15:48

In grut portret fan Mata Hari is tongersdei presintearre, neidat de restauraasje klear is. It skilderij is fan grut belang, om't der net in soad portretten binne fan Mata Hari. It is makke troch de ferneamde skilder Isaac Israëls.

It portret komt fan museum Kröller-Müller en dêr is it restaurearre. De restauraasje stie al langer yn de planning, mar trochdat it Frysk Museum it stik brûke wol foar de tentoanstelling, is it skilderij no dochs wersteld. Der fernis-laach wie giel wurden en der sieten noch gielere banen op it doek. It koste de restaurateur sa'n 200 oeren wurk.

It skilderij is fan 1916 en twa jier letter hat Helene Kröller-Müller it oankocht. Yn de oarloch is it yn in bunker bewarre. Wierskynlik hat it doe oprôle west en hat dat de gielige banen feroarsake.

(Advertinsje)
(Advertinsje)