Diel Sintrale As fannacht ticht foar nij asfalt

28 sep 2017 - 15:29
De Sintrale As by Burgum - Foto: Wegenwiki, Chris

De Sintrale As is noch mar krekt in jier iepen, mar no al moat in part fan de dyk opnij asfaltearre wurde. Tusken Burgum en Nijegea sit in djippe kûle yn de dyk, en dêrom is dat stik fan de wei tongersdeitejûn en tongersdeitenacht yn beide rjochtingen ticht foar it ferkear.

Dat der sa gau nei de oplevering fan in dyk al herstelwurksumheden needsaaklik binne, is net gebrûklik, seit de projektlieder fan de provinsje. De oannimmer is ferantwurdlik. De provinsje hoecht der neat foar te beteljen.

Trefwurden: 
Sintrale As Burgum Nijegea
(advertinsje)
(advertinsje)