Boer oer sluting spoaroerwei: "Ik bin bliid dat er fuort is"

28 sep 2017 - 15:07

Op de spoarweioergong by de Alde Trekwei nei it hiem fan boer Sijtsma yn Harns kinne nea wer ûngelokken barre. Nei 160 jier is de oergong tongersdeitemoarn definityf sletten. "Ik bin bliid dat er fuort is", seit Sijtsma. "En ik bin ek bliid dat de gemeente Harns oan de oare kant fan it spoar de dyk fuort brekt, dus aansten is it ek net mear te sjen dat der in oerwei west hat."

Beladen plak

It is lykwols gjin feestlike dei. Begjin dit jier kaam de oergong yn it nijs, neidat der twa kear in ûngelok barde. Op 6 febrewaris rekke in frou licht ferwûne, doe't har auto yn botsing kaam mei in trein. By it lêste ûngelok op 27 maart kamen in man fan 31 jier en syn soantsje fan 3 jier om it libben. Sy hiene by de lamkes sjoen, op de pleats fan boer Sijtsma. De auto fan de heit waard fol rekke troch de trein en mear as 200 meter meisleept. De oergong waard in beladen plak.

Sijtsma en ProRail wiene doe al yn petear om de ûnbewaakte oergong ôf te sluten en de pleats mei in nije dyk oan te sluten op de Ludingawei. It deadlik ûngelok hat it hiele proses fersneld en de oansluting is no klear. Ek direkteur Pier Eringa fan ProRail is bliid mei de rappe oanpak. "It wie in gefaarlik plak. Mei de ôfsluting is in belangryk risiko fuort."

Nij paad

Der is no in nij paad oanlein nei it hiem fan boer Sijtsma en it ferkear hoecht net mear oer it spoar hinne. "Privee moatte we no omride om yn de stêd te kommen, mar foar it buorkjen is it miskien wol better wurden", seit Sijtsma, dy't ek in stik lân oan de oare kant fan it spoar hat.

ProRail wol yn de takomst noch mear ûnfeilige oergongen slute. Fan 't simmer is der yn Frjentsjer al in oerwei tichtgien en neffens Eringa is it de bedoeling de kommende fiif jier nochris fiif oergongen te sluten yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)