Trucker yn 'e fout yn Niebert

29 okt 2011 - 13:57
Foto: Omrop Fryslân

In frachtweinsjaufeur út Smellingerlân krige freed yn it Grinslanner Niebert ferskate bekeurings yn ien kear. De plysje seach dat de man yn in ferbean gebiet ried mei in feewein. De man waard oanhâlden en joech in falske namme op. Letter die bliken dat de man gjin rydbewiis mear hie fanwege riden ûnder ynfloed. Ek wie de fee-auto dêr't de man yn ried net neffens de foarskriften himmele. De man krige foar beide oertredings in boete.

(Advertinsje)
(Advertinsje)