Drankrider oer de kop yn Snits

29 okt 2011 - 13:27
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Snits hat sneon in Snitser (19) oanholden yn ferbân mei in ûngelok en it riden ûnder ynfloed. De Snitser wie tegearre mei in plakgenoat troch tsjûgen sjoen neidat se op de Stedsrûnwei mei in auto oer de kop flein wiene. Op oanwizing fan tsjûgen koene beide persoanen oanholden wurde. It rydbewiis fan de Snitser is yn beslach naam. Ek waard by de man drugs oantroffen. Beide manlju moasten foar ferwûnings ek noch nei it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)