Priis foar hurdrinner Boelens

29 okt 2011 - 13:29

Hurdrinner Piet Boelens dy't takom wike de maraton fan New York rinne sil foar it fûns Kika, is yn de prizen fallen. Mei it Run for Kika prizefestival hat hy de haadpriis wûn: in helikopterflucht boppe New York foar twa persoanen. De 59-jierrige atleet út Kollumersweach is al moannen dwaande om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar in nij ûndersikssintrum foar Kika yn Utrecht. De teller stiet al op goed 20.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)