Nije Occupy-aksje yn Prinsetún

29 okt 2011 - 13:33
Foto: Omrop Fryslân

Om 11 oere sneontemoarn is der wer in aksje fan de Fryske Occupybeweging fan start gien yn Ljouwert. Yn earste ynstânsje sammelen trettjin minsken harren yn de Prinsetún foar in demonstraasjemars troch de stêd, mar nei ferrin fan tiid ferdûbele it tal demonstranten.

De dielnimmers protestearje tsjin de grutte ferskillen tusken ryk en earm en de macht fan it grutte jild. De wrâldwide Occupybeweging begûn yn septimber yn New York.

(Advertinsje)
(Advertinsje)