Dijkhuizen: ''We moeten even over een drempeltje heen''

28 sep 2017 - 13:32

Karim Rossi en Matthew Steenvoorden ûntbrekke freed by SC Cambuur, dat it thús opnimme moat tsjin RKC Waalwijk. Rossi is blessearre oan syn ankel en Steenvoorden skorst. It twatal wurdt ferfongen troch Martijn Barto en Omar El Baad. De Ljouwerters gean tsjin RKC op jacht nei de earste thúsoerwinning. "Ik heb wel het idee dat we even over een drempeltje heen moeten", beskriuwt trainer Marinus Dijkhuizen. "We hebben wat goed te maken, want we hebben tot nu toe te weinig laten zien thuis." Dijkhuizen kin ek net beskikke oer de blessearre Darren Rosheuvel, Alvin Daniels en Xander Houtkoop.

''Stugge ploeg''

Tsjinstanner RKC prestearret dit seizoen net goed. De Waalwijkers stean op it ien-nei-lêste plak yn de Jupiler League. Dochs krigen se yn seis wedstriden noch mar acht goals tsjin. Dat jout neffens Dijkhuizen oan dat se de saken ferdigenjend goed op oarder hawwe. "Het is een stugge en verdedigende ploeg. Ik hoop dat we ze kapot gaan spelen. Ik verwacht dat ze zich ingraven, dus we zullen soms geduld moeten hebben."

De Belgyske middenfjilder Mathias Schils hat wat goed te meitsjen tsjinoer it thúspublyk. Yn de lêste wedstriid yn it Cambuur Stadion rûn Schils tsjin in domme reade kaart oan. Hy tinkt ek dat syn ploech oan de bak moat. "Ik verwacht een moeilijke wedstrijd, want RKC is een goed georganiseerde ploeg. Wij zullen het spel moeten maken en de openingen moeten vinden." Oer de earste faze fan de kompetysje is Schils goed te sprekken. Cambuur hat al fjouwer kompetysjewedstriden op rige net ferlern. "Het loopt momenteel goed. Ik ben tevreden over de competitiestart."

(Advertinsje)
(Advertinsje)