Opnij Europeeske subsydzje foar Fryske plattelânsprojekten

28 sep 2017 - 13:21
Foto: ANP

Inisjatyfnimmers fan plattelânsprojekten kinne ynkoarten wer subsydzje oanfreegje út it Europeeske LEADER-programma. It giet spesifyk om inisjativen út de regio's Noardeast- en Noardwest-Fryslân. Doel is de doarpen en stêden yn dy gebieten ek yn de takomst leefber te hâlden. Fan 2 oktober oant 10 novimber kin de subsydzje wer oanfrege wurde.

Deputearre Steaten hawwe de regeling op trije punten oanpast. 'Dit hawwe wy dien om oanfragen noch better betsjinje te kinnen', seit deputearre Johannes Kramer. De nije punten binne ynfierd om it makliker te meitsjen foar minsken om in subsydzje oan te freegjen. De nije punten meitsje it mooglik om no ek twaddehânsk apparatuer te keapjen. Ek de finansieringseasken wurde leger.

In grut punt foar it LEADER-programma is dat de minsken sels bepale wat wichtich is foar har regio. Streekambassadeurs advisearje oer hokker inisjativen in subsydzje krije. Koartlyn hat keunstprojekt Potatoes Go Wild út It Bilt noch jild krigen fan it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)