Buddyprojekt Sociaal Goud siket mear dielnimmers

28 sep 2017 - 12:27

It projekt Sociaal Goud fan Miks Welzijn, Hof en Hiem Thuiszorg en NHL Hogeschool is op syk nei mear minsken dy't wat ûndernimme wolle mei âlderen. Yn de gemeente De Fryske Marren wurde studinten as buddy ynset om it sosjale netwurk fan âlderen grutter te meitsjen. Sociaal Goud wol dit no ek yn oare gemeenten opsette. Dêrom wurdt der socht nei âlderen en frijwilligers om op syn minst fjouwer oeren yn de wike mei elkoar wat te ûndernimmen. It is de bedoeling dat sy bygelyks mei elkoar itensiede, kuierje of ite. In buddy wurdt foar op syn minst in heal jier oan in âldere keppele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)