Gemeente: ''Gaswinning net mear fan dizze tiid''

De jachthaven fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It winnen fan gas is net mear fan dizze tiid. Dat seit de gemeente Skiermûntseach yn reaksje op de gasfynst yn de Noardsee krekt boppe it Waadeilân. It soe gean om in gasfjild fan 60 miljard kubike meter. De gemeente hopet dat der ôfsjoen wurdt fan it winnen fan it gas. Skiermûntseach wol net dat der tichteby de Waadeilannen nei gas boarre wurdt, ek net yn de Waadsee. De gemeente fynt dat der oerskeakele wurde moat op duorsume enerzjy.
Skiermûntseach sil him beriede op de te nimmen stappen yn it proses, sa skriuwt de gemeente yn syn reaksje.