Gaslek yn Akkrum troch rioelwurksumheden

28 sep 2017 - 12:01
Foto: De Vries Media

By wurksumheden oan it rioel yn Akkrum is tongersdeitemoarn in gaslieding rekke troch in graafmasine. Troch it lek dat ûntstien is, is yn de omjouwing in sterke gaslucht te rûken. De brânwacht kaam al gau te plak en hat in wetterkanon ynset om in mooglike ûntploffing foar te kommen. Netbehearder Liander is yntusken drok dwaande om it lek ticht te meitsjen.

Trefwurden: 
Akkrum gaslek brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)