Kolleezje wol útspraak oer gaswinning by Nijhoarne

28 sep 2017 - 11:24

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean wol dat de ried him útsprekt oer de gaswinning yn Nijhoarne. Dat jildt ek foar it ferdûbeljen fan de besteande gaslieding fan Mildaam nei Garyp. It kolleezje wol hjir oan meiwurkje, mar de gemeenteried stiet der oars yn. Boargemaster en wethâlders freegje de ried no om in offisjeel stânpunt.

Nei oanlieding dêrfan nimt it kolleezje in definityf beslút. Yn maart naam de ried in moasje oan. Dêryn waard it kolleezje frege om it oanboarjen fan nije gasfjilden safolle mooglik foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)