Nij ûndersyk nei stân fan saken by Fryske sportferieningen

28 sep 2017 - 11:23

Hoe giet it mei de Fryske sportferieningen yn fergeliking mei twa jier lyn? Freed begjinne Sport Fryslân, it Mulier Instituut en it Fries Sociaal Planbureau in ûndersyk, dat antwurd jaan moat op dy fraach. Leden wurde bygelyks hieltyd âlder en benammen yn krimpgebieten kin soks fan grutte ynfloed wêze op in sportferiening. Twa jier lyn tocht hast ien op de trije Fryske sportferieningen dat de ûntwikkeling fan it oantal leden in bedriging is foar de takomst fan de klup. It ûndersyk moat ûnder oare útwize oft dy soarch terjochte wie of net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)