Fearboat nei It Amelân rint fêst op it Waad

28 sep 2017 - 10:35
De Sier fart tusken Holwert en It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De fearboat Sier is tongersdeitemoarn om acht oere fêstrûn op it Waad by de oertocht fan Holwert nei Nes. De boat koe toch op tiid wer fuort út Nes, om healwei njoggenen. De kaptein frege de opfarrenden wol om de auto's op it autotek yn de fersnelling en op 'e hânrem te setten, om foar te kommen dat se op elkoar botse soene as de fearboat opnij fêstrinne soe.

Woansdei wie der op Omrop Fryslân telefyzje in útstjoering fan De Oertocht te sjen. Dêryn waard ûnder oaren omtinken jûn oan it baggerjen fan de fargeul tusken Holwert en It Amelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)