"Utwreiding fleanfjild Lelystêd liedt ta omsetferlies"

28 sep 2017 - 10:24
It fleanfjild by Lelystêd. - Foto: ANP

Rekreaasje-ûndernimmers yn Fryslân, Flevolân, Oerisel en op de Veluwe binne benaud foar omset- en baneferlies troch de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd. Dat docht bliken út in enkête fan belange-organisaasje Recron ûnder 135 rekreaasjebedriuwen.

Fan dy bedriuwen jout 70 persint oan negative gefolgen te ferwachtsjen fan it ekstra lawaai fan de fleantugen. Se tinke dat se op jierbasis tsientallen miljoenen euro's oan omset ferlieze en dat der hûnderten oant tûzenen banen ferlern gean. De rêst, natuer en skjinne lucht sille bot oantaaste wurde troch de nije fleanrûtes fan en nei Lelystêd, miene de rekreaasje-ûndernimmers.

Yn de enkête jout 97 persint fan de ûnderfregen oan dat se gjin ynspraak hân ha yn de proseduere oer de útwreiding fan Lelystêd Airport. Se sizze dat se der gjin of kwealik ynformaasje oer krigen ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)