Lichem fan man oantroffen yn wetter by Frjentsjer

28 sep 2017 - 09:39

Oan de Edisonstrjitte yn Frjentsjer is tongersdeitemoarn it lichem fan in noch ûnbekende man oantroffen. De plysje docht op it stuit spoare-ûndersyk by de sleat. It lichem fan de man is yntusken troch de plysje burgen. Mooglik giet it om de partner fan de frou út Frjentsjer, dy't op 12 septimber om it libben brocht is. De man wurdt sûnt dat momint fermist.

In meiwurker fan in leanbedriuw hat it lichem oantroffen. It leanbedriuw hat it wurk op de lokaasje yntusken wer oppakt.

Trefwurden: 
plysje Frjentsjer lichem
(Advertinsje)
(Advertinsje)