Teäterstik Elk Sines grut sukses, nije rige foarstellingen

28 sep 2017 - 07:23

De foarstelling 'Elk Sines' oer Tjerkje op De Klieuw is sa'n grut sukses, dat der besletten is noch tsien foarstellingen op te fieren. Dy fine wol pas takom jier maaie en juny plak. It ferhaal oer de kastlein fan it ferneamde kafee yn Hidaard blykt in soad minsken oan te sprekken. Al fier yn it foar wienen der gjin kaarten mear te krijen en ek de lêste fjouwer foarstellingen fan dizze wike sitte folslein fol.

Geert Diever fan Theater de Klieuw hie net tocht dat 'Elk Sines' sa drokbesocht wurde soe. ''Wy hienen in beskieden sukses wol ferwachte'', seit er. ''Mar dat is sa grut wurde soe, hienen wy net tocht. Dêrom hawwe wy alle belutsenen heard oer in nije rige foarstellingen. Elkenien wie posityf: sadwaande hawwe wy besletten om yn maaie en juny dizze foarstelling wer op te fieren.''

It ferhaal fan 'Elk Sines' gjit oer Tjerkje dy't it kloppend hert is fan'e famylje Huitema. Har beslút om op De Klieuw te bliuwen soarget foar in soad intriges.

(Advertinsje)
(Advertinsje)