Kollum: ''Fêst''

''Us finzenissen rinne leech. Dêrom wurde der hieltyd mear âlde finzenissen sletten. Der wurdt hiel wat útfûn yn dy âlde finzenissen. Yn Ljouwert kenne we it al in skoftke fan de Blokhuispoort. Mar ik wie ek al ris yn Wolvenplein yn Utrecht en niiskrekt wie ik yn de Bijlmerbajes yn Amsterdam. En dit is miskien wol de bekendste fan alle leechsteande finzenissen. Dekôr fan spektakulêre ûntsnappingen, bekende kriminelen hawwe der sitten en in yndrukwekkende arsjitektuer. Materiaal foar sensasjonele films!
En dat is allegearre leuk en aardich, mar ik krige dochs wol de kribels doe’t ik binnen wie. Alles is hufterproof, as it liuweferbliuw yn in bistetún. Op elke doar, ek al is it mar in biezemkast, sit in slot. Swiere doarren. In entree mei ferskate doarren dêr'tsto troch moatst foardatst der bist. Yn de lift, yn ien fan de tuorren dêr’t ik wie, hingje twa kamera’s. Ek hufterproof. In seal mei oan beide kanten keamers, nee, sellen fansels. Fersliten finyl op de flier, en op it ein it ferbliuw foar de bewakers. Yn harren keamer stean noch stretchers. Ik stel my sa foar dat dejinge mei de nachttsjinst him dêr gewoan even deljaan koe, wannear’t der neat barde.
Ik stap in sel yn. Grouwe doar, en drekt rjochts in wc. Wat fuortstoppe yn in hokje, mar sûnder doar. In rút, mei traaljes derfoar. Dy traaljes binne der letter op set. De bedoeling fan de arsjitekt wie dat dit in finzenis sûnder traaljes wurde soe. Mar nei in pear slagge ûntsnappingen binne de traaljes der dochs kommen. In bêd, mei in matras mei keunststof hoes. Dat is al wat oars as myn matras mei fochtregulearring. In telefyzje, flatscreen, ynboud yn in kast mei pleksyglês. Mei in pear grutte knoppen kinst him betsjinje: oan/út, lûder/sêfter en kanalen switche. Gjin ôfstânsbetsjinning. En in lyts tafelblêd dat oan de muorre fêstsit.
No haw ik yn it ferline yn hostels slept dêr’t we it minder hienen as hjir, mar dêr keazen we sels foar. En we koene fuort. Hjir koest net fuort. Hjir wiene slotten, bewakers, in rezjym en regels. Oan it ein fan de gong hinget in telefoansel, mei op de muorre ynstruksjes. Moatst 8668# draaie, stiet der by. En dan it nûmer datst belje wolst. Dan wurdt checkt oft dit nûmer op in swarte list stiet, want dan giet it net troch. En dan wurdt checkt oft it in nûmer fan in advokaat is, want yn dat gefal kin net meilústere wurde. Yn oare gefallen al, tink ik dan, al stiet dat der net by.
Dejinge dy’t belle wurdt, krijt te hearren dat immen him of har belje wol út de finzenis wei. En dan kin dyjinge kieze: 1# as men it petear akseptearret, 3# as men it net wol. Dan moat dyjinge ophingje, en werombelje mei in 0900-nûmer. Mei deselde telefoan. De kosten binne dan foar him of har: 65 sint de minút. In petear fan in kertier kostet dus hast in tientsje.
Ik lies dit alles mei yn myn bûse myn mobyltsje. It trille sa no en dan, om’t der notifikaasjes fan whatsappberjochten, mailtsjes en tweets wiene. De telefoan fan de finzenis wie fan de muorre helle. Of mear: fan de muorre skuord. It binne dit soarte fan lytse dingen dy’tst yn lege finzenissen sjen kinst, dy’t wat fertelle oer it libben binnen de muorren. Fansels sette ik in foto fan efter de traaljes op Instagram, mei dêrby ‘oh no!’. Mar ik tink dat der aardich wat minsken binne dy’t dêr de humor net fan ynsjogge. Om’t se dat tientsje hast elke wike betelje moasten. Om’t se slachtoffer wiene fan immen dy’t dêr sitten hat. Om’t se der miskien sels sitten hawwe.
It is wolris goed om neist de romantisearring fan kriminaliteit yn films en searjes dit ek ris in kear fan hiel tichtby te sjen.''