Spoaroergong deadlik ûngelok Harns wurdt definityf ôfsletten

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn Harns wurdt tongersdei de spoarweioergong by de Alde Trekwei nei it hiem fan boer Sijtsma definityf ôfsletten. Begjin dit jier wie de oergong yn it nijs, neidat der twa kear in ûngelok bard wie. By it lêste ûngelok op 27 maart kamen in man fan 31 jier en syn soantsje fan 3 jier om it libben. Sy hiene by de lamkes sjoen, op de pleats fan boer Sijtsma. De auto waard fol rekke troch de trein en mear as 200 meter meisleept.
Op dat stuit wiene der al plannen om de ûnbewaakte oergong ôf te sluten en de pleats mei in nije dyk oan te sluten op de Ludingawei. Dy oansluting is no klear. De boargemaster fan Harns, de baas fan ProRail en de boer sels sille om 11 oere stilstean by de ûngelokken en de ôfsluting fan de âlde spoarweioergong.
Yn Nederlân binne sa'n 1800 oergongen sûnder bewaking. Dy lizze meastentiids op priveeterreinen fan bedriuwen of boeren. ProRail wol de kommende jierren besykje safolle mooglik dêrfan ôf te sluten, om ûngelokken foar te kommen.